Wat ik doch

Ik doch mei oan in soad ferskate muzyk- en teaterprojekten. En yn beide soart projekten leit de fokus faaks op de muzyk.

Yn de muzyk-projekten giet it faaks om it spyljen yn bands as fêst lid of ynfaller. Mar ik doch ek oan it ynspyljen fan ferskes yn ‘e studio of oan it optreden as muzykant by oare artysten.

Mar ik bin ek aktief yn teaterprojekten. Dit binne sawol berne- as folwoeksene teaterstikken. Ik doch hjir mei as (poppe)spyler, muzikant of ferskeskriuwer.

Scroll Up