Hjoed fertel ik jimme wêr myn nije ferske “Holle mei ferhalen” oer giet.
Ik ha it ferske skriuwn yn de hjerst fan 2014 nei it ferstjerren fan myn mem. En al wie dit in swiere periode foar myn famylje en my. Ik woe eins net dat it in hiel dreech ferske wurde soe. It ferske moast eins de moaie oantinkens oan myn mem foar my nei boppe helje. Dus dat ha ik besocht te dwaan.
Pas yn 2018 gie ik foar it earst de bühne op mei myn eigen ferskes. En dit ferske helle faaks de setlist net. Mede troch dat it sa persoanlik ferske wie. En ik it toch net sa makkelik spylje koe.
Mar wat men seit is wier: it wurd makkeliker nei ferin fan tiid om dit soart ferskes te spyljen. It waart no ek tiid om it út te bringen. Mar jimme moatte noch hiel efkes wachtsje…
Binnenkoart in lyts lústerfragmint!