Juster wie it dan safier. De officiele release fan “Op syk nei dy” op Spotify en alle oare muzykplatfoarmen. Ik hjear fansels graach wat jim dêr fan fiene. Dus ik soe sizze harkje en lit it my witte.
By dizze soe ik in pear persoanen betankje wolle. As earste myn frou Lieuwkje, want sûnder har soe dit nûmer der net wêze.
Mar seker ek minsken dy ’t meiwurke ha:
Jeroen Blumers foar de drums,
Matthias Konrad foar de geweldige trombone solo,
Harry Zwerver foar de miks en
Darius van Helfteren foar de master.