Tiidkapsule

Yn it jier dat Ljouert de kulturele haadstêd fan Europa wie (2018). Gebeurde der fan alles op kultureel gebiet yn Fryslân. Sa ek yn it doarp Nijhúzum. Elke moanne waard der wol wat organiseare. En sa freechen se my ek om in optreden te jaan.

Dat optreden kaam der en soarge der foar dat ik in stok achter de doar hie om oan de slach te gean mei myn eigen Frysktalige ferskes. “Tiidkapsule” wie ien fan dizze ferskes. En dit ferske ûntstie eins per tafal. Myn soan woe graach ek meidwaan mei it optreden, dus skreau ik in ferske foar him. De dei nei myn optreden soene we mei alle bewenners fan Nijhúzum in tiidkapsule yngrave, dus dat waard it underwerp.

It ferske is ekstra bysunder omdat myn soan Mart dêr op mei sjongt.

De muzikanten op dizze track binne:

  • Jeroen Blumers – Programeare fan de slachreau
  • Bokke Rypma – Gitaar
  • Ruben Mulder – Hammond oargel

Miks: Harry Zwerver / Master: Darius van Helfteren