Yn 2010 bin ik troud mei myn frou Lieuwkje. Op ús bruloftfeest hie ik in eigenskriuwn ferske foar har ynstudeare. It ferske hjitte “Love song”. Mar eins wie dit it ferske “Op syk nei dy”. It hat jieren doarre foardat ik it stof fan dit ferske ôfblaast hie en dêr in Fryske tekst op makke ha.
Op valentijnsdei 2023 waard it ferske foar it earst draaid foar myn frou op de Fryske radio. En op 18 febrewaris 2023 kaam it officieel út. De dei dat wy 12,5 jier troud wiene.
It ferske giet oer de syktocht nei wiere leafde… Is it net romatysk?
Tocht ik!
De folgjende minsken ha meiwurke oan dizze track:
- Jeroen Blumers – Slachreau
- Matthias Konrad – Trombone
- Harry Zwerver – Mix
- Darius van Helfteren – Master