Duet mei Mart

Wie is Mart? No… Dat is myn soan.

5 jier lyn ha ik in ferske skreauwn foar him. Hy wie doe fan doel om myn earste offisjele optreden as J.A.N. te kapen troch sels as leadsjonger mei te dwaan (hy koe alles al meisjonge, troch dat ik sa faak oefene). Ik koe it noch krekt foarkomme troch dit nûmer spesjaal foar him te skriuwen. Wy hat dat doe tegearre spyle.

De dei’s nei it optreden ha wy op Nijhuzum mei alle ynwenners in tiidkapsule yn de grûn stoppe. Mei dêryn brieven fan alle bewenners mei deryn iets oer harren sels, byfoarbyld de takomstplannen. Dit barren wie foar my de ynspiraasje foar dit ferske.

En oer myn takomstplannen. Dat wie fansels in album meitsjen en dit ferske officieel út te bringen. Ik kin jimme alfêst ferklappe dat it album dêr oan komt (doarret gjin jierren mear)…

Album art

En dit ferske komt oer in pear wike offisjeel út.