Ha jimme de sliep al út?

Want it is wêr sa fier! Myn nije ferske Slieptekoart online op Spotify mar fansels ek op alle oare platfoarmen.

Diskear mei meiwurking fan Strijkkwartet Regina Forte. Dus fia dizze wei wol ik graach de froulje Ina, Anna, Inge & Andrea super betankje foar harren bydrage oan dit ferske. Mar fansels ek Peter van der Zwaag foar it geweldige arranzjemint.

Mar ek net te ferjitten Jeroen Blumers foar de drums en myn maat Paul van Dijk foar syn pianopartij.

De miks dit kear wêr yn hannen fan Harry Zwerver en master troch Darius van Helfteren.

Ik soe sizze: lekker harkje allegearre, en net yn ‘e sliep falle!