Holle mei ferhalen

Holle mei ferhalen

It album “Holle mei ferhalen” is myn debút album as sjonger/ferskeskriuwer.
It befettet ûnder oare de single “Heger” dy ’t ik yn 2019 ynstjoerde foar Liet, mar ek de titelsong “Holle mei ferhalen” wat ik skriuwn ha nei it ferstjerren fan myn mem yn 2014. Dêrneist stiet der ek noch it duet “Tijdkapsule” op wat ik sjongt ha mei myn soan Mart en de nije single “Yn it hjir en it no” dêr ’t soan Tim op meispilet.

Hjirûnder de 12 ferskes dy ’t op it album steane:

  1. Paad nei hús
  2. Holle mei ferhalen
  3. Dat dit mei
  4. Bla bla bla
  5. Opnij
  6. Heger
  7. Fjochter
  8. Op syk nei dy
  9. Yn it hjir en it no
  10. Slieptekoart
  11. Tiidkapsule
  12. Hûndert jier

Ik wol graach de folgjende minsken tank sizze:

As earste myn frou Lieuwkje. Omdat ik sa no en dan dochs in triuwke yn ‘e rêch nedich hie om de goede karren te meitsjen, of soms dochs in oare rûte te kiezen. En yn de oanrin nei de presintaasje ta wie ik thús ek net op myn bêst… Dan draait ynienen alles om de tarieding en bin ik wol ris wat ôfwêzich. Mar bliid dat ik fan har de tiid en romte krij om dit te dwaan.

Mar ek alle fantastyske muzikanten dy ’t my holpen ha mei de opnamen, wêrûnder:
Jeroen Blumers (slachreau), Paul van Dijk (toetsen, mar ek hulp by de teksten en de muzyk), Bokke Rypma (gitaar), Douwe v/d Werff (gitaar & oargel), Hubert Heeringa (fioele, tin whistle & mondharmonica), Mr. Tim de Vries (trombone, tenor-sax & blazersarranzjemint), Jurgen Scholtanus (trompet), Ruben Mulder (hammond oargel & piano), Peter v/d Zwaag (marimba, strikersarranzjeminten), Strijkkwartet Regina forte (fioelen & cello), Matthias Konrad (trombone), Tim Hoekstra (cornet).

En net te ferjitten Harry Zwerver foar syn tomeleaze ynset by it ôfmiksen fan de ferskes. Mar ek it jaan fan de nedige kritiken. En Darius van Helfteren fan Amsterdam mastering foar de te gekke masters!

En dan bliuwe oer alle famylje, freonen, kennissen en oare fans dy’t my stypje!
Tankewol… tankewol… tankewol!!!